Leon vd B schreef op 13 augustus 2015 11:53:
www.omropfryslan.nl/nijs/earste-under...Foar it earst is der in ûnderhâldsearme houten boat fan in Fryske boatebouwer op de merk. Skipstimmerman Roelof van der Werff fan Warkum hat tegearre mei de NHL in boat fan accoyahout ûntwikkele. Dit hout is duorsum en moat sûnder ûnderhâld goed 50 jier meikinne. In pear jier lyn wie der al in boatsje makke as test. Dy fart no yn de ferhier yn Terherne.
In stel út Waddinxveen hat dy boat sjoen en hat Van der Werff de opdracht jûn om in nije te bouwen. De Werffboat 21 kostet goed 30.000 euro en is duorsum, licht en elektrysk.
De boat sil ein fan de moanne nei de Hiswa ta as ien fan de wrâldprimeurs. Van der Werff hopet dat it in soad nije opdrachten opsmite sil.